renger
Nyk de Vries
Afûk, 2016
‘Renger is in autobiografyske famyljeskiednis (foar in part), in bildungsroman en in road novel by inoar. In ramtfertelling dy’t kundich boartet mei feit en fiksje, hjoed en ferline. En in ferhaal oer in heit, De Vries syn eigen heit’ (Lieke van den Krommenacker). De Vries syn heit wie in sunige boufakker út de Fryske Wâlden, syn mem húsfrou. De jonge Nyk stoarte him yn de muzyk en wie sjonger fan de punkrockformaasje The Amp. In ferlegen jonge dy’t likegoed tige útskroeven wêze koe.
Oer dit libben, oer it arbeiders-miljeu yn de Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden giet Renger. En oer de moaiprater Renger, dy’t samar ynienen yn it libben fan de haadpersoan opdûkt. Mar Renger giet ek oer it feit dat der gewoanwei dingen binne dy’t net beneamd wurde kinne.
De roman ferskynde yn novimber 2015 by de Arbeiderspers yn it Nederlânsk. De skriuwer wurke it boek om ta in Fryske edysje. Omdat er him dêrby mear frijheid tastie as in ‘neutrale’ oersetter nimme soe, kin it boek net sjoen wurde as in oersetting yn de gongbere sin fan it wurd. De Fryske ferzje kaam út yn oktober 2016.
Yn septimber 2016 krige Nyk de Vries de Piter Jellespriis foar Renger. Yn 2018 folge in nominaasje foar de Rink van der Veldepriis en yn 2019 foar de Gysbert Japicxpriis.
De skriuwer hat fan it ferhaal fan Renger in harkspul makke. Harkje op woord.nl
Oaren oer dizze titel
Arjan Hut, FD 05-11-2015 (fraachpetear)
Lieke van den Krommenacker, website DvhN, 05-11-2015 (fraachpetear)
Lieke van den Krommenacker, LC 18-12-2015
Ernrst Bruinsma, Ons Erfdeel 2016/2 en op hooy en gras 01-05-2016
Tsead Bruinja, De Moanne 13-07-2016 (fraachpetear)
Koos Tiemersma, 06-09-2016 (besprek op eigen webside)
Sietse de Vries, LC 23-09-2016 (fraachpetear)
Jaap Krol, FD 28-12-2016 en oankundiging foarside (fraachpetear)
Yntroduksje Buchmesse 2019