ik bedoel mar!
froon akker (pseudonym foar koos tiemersma)
eigen behear, 2016

 

Ik bedoel mar! is in ferhalebondel fan Froon Akker, pseudonym fan Koos Tiemersma. De bondel wurdt ynlaat troch in pensjonearre kondukteur dy’t de lêzers wolkom hjit en oanwizings foar de ferhalen jout. Yn de ferhalen sels – it binne sechstjin – wurde de haadpersoanen konfrontearre mei de ferrassingen dêr’t it bestean minsken op traktearret. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy’t, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt. Nei it lêste ferhaal wurdt de kondukteur wer opfierd om de lêzer nei de útgong te begelieden.

Dit boek waard publisearre as e-boek en is te besetten fia www.froonakker.nl, de side fan de skriuwer.

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite, hjerst 2016
Doeke Sijens, LC 11-11-2016
Jaap Krol, FD 22-07-2017