Komme dy kepers?
R.R. van der leest
Frysk en frij, 2016

Yn dit earste diel fan de Nier-en-Dynte-syklus (in werútjefte fan it boek dat foar it earst yn 1969 publisearre waard) wurdt it ferdivedaasjefamke Dynte Planteit de selskipsdame fan skaakmaster Jimmy Angler om him ‘fysyk syn gerak te jaan’, sa’t de assistint Nice har oanjout yn it kader fan in skaaktoermoai yn Ljouwert, dêr’t ‘de Russen’ ferslein wurde kinne. Dy sêne foarmet it begjin fan allerhanne aventoeren, dêr’t de ûnderwrâld net swak yn byspilet. Fuortdaalks is yn dit earste diel al te sjen dat it de skriuwer net sasear om de plot sels giet, mar om in persiflaazje op it sjenre fan de misdiedroman, kompleet mei in floedweach oan taalgrappen en oare ynfallen.

Dizze útjefte is de tredde printinge fan it boek. De twadde wie yn 2001, yn ien bân mei Boef fan Rys, yn de rige Fryske Klassiken II.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 01-06-2001
Gerbrich van der Meer, FD 07-08-2001
Jelle van der Meulen, Fryske literatuersite