kabel en tou
jan schokker
elikser, 2016

Kabel en tou is it sechsde boek fan Jan Schokker. Yn tsjinstelling ta syn earste fiif boeken is dit net in misdiedroman. Abe syn âlden hiene in toufabryk, mar neidat twillingbroer Jelle it oanlei mei syn freondinne Doet, sette Abe him nei wenjen yn Noarwegen om sa it ferline ôf te snijen. Nei fiifentweintich jier, as syn frou Merte ferstoarn is, giet Abe mei dochter Klaske dochs werom nei Fryslân. Jelle blykt it toufabryk oernommen te hawwen en is no direkteur. De sfear yn it fabryk is om te snijen troch de plannen dy’t er hat, wylst Doet noch altyd net oer Abe hinne liket te wêzen. Ald sear komt boppedriuwen en net allinnich by Abe.

Oaren oer dizze titel
Ernst Bruinsma, Op en út 24-09-2016