De nacht fan Mare
willem schoorstra
het nieuwe kanaal, 2017

Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op 'e syk nei syn plak yn de wrâld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen, seksuele útspattingen en represje ûntjout him in relaasje dy’t alles mei ferslaving te krijen hat.

Dit boek waard yn 2018 bekroand mei de Rink van der Veldepriis.

Oaren oer dit boek
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Josse de Haan, De Moanne 15-01-2018
Doeke Sijens, LC 12-01-2018