de weddenskip
lida dykstra
Afuk, 2017
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Foar De weddenskip hat Lida Dykstra har ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy’t bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken. De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy’t fan moard fertocht wurdt, om te ûntspannen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy’t seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende motiven fan Bernlef binne. Yllustraasjes binne fan Nina Peckelsen.
Oaren oer dizze titel
Tjitske van Dijk, TanteTjits 03-04-2019
Geart Tigchelaar, fideobesprek 19-03-2018