slangen Ûnder it bêd
hilda talsma
ujouwerij elikser, 2017

Spannende jeugdroman oer in aventoer mei de klasse yn Amsterdam en in reis nei Suriname, op syk nei in Piipster skûtsje. Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet yn stee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út ’e naad om har werom te finen en sa komme se yn ’e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta in ferrassende reis nei Justine har bertelân, Suriname.

Dit is de earste jeugdroman fan Hilda Talsma, skreaun nei in idee fan Henk de Vries.

Oaren oer dizze titel
Ernst Bruinsma, Op & Ut 02-09-2017