Angel
Tsead Bruinja
Bornmeer, 2008
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Angel is in bondel fan Tsead Bruinja út 2008, de Nederlânske ferzje folge yn 2009. De bondel, dy't bestiet út fjirtich gedichten, waard útbrocht op tabloidformaat en sjocht der dêrmei út as in krante. Yn Angel hellet Bruinja gauris út nei de wrâld om him hinne, mar tagelyk sparret er himsels ek net, lykas yn it folgjende titelleaze gedicht:
wat ûntwyk ik?
it grutte?
it wichtige?
it aventoer?
trijeëntritich jier
sit ik jûns it leafste op de bank
mei in glês wyn
televyzje oan
it lûd út
gitaar op ’e skoat
Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Harmen Wind, LC 23-01-2009