Joppe
hein jaap hilarides
friese pers boekerij, 2008
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Joppe bringt syn ferfangende tsjinsttiid troch as milieu-amtner op it gemeentehûs yn it doarp Raarendt yn Noard-Fryslân. Hein Jaap Hilarides beskriuwt yn dizze debútroman de sfear op it gemeentehûs, mei alle byhearrende kantoarrituelen, papierwinkel en miljeukontrôles, en ek de flirts en relaasjes mei de froulike kollega’s. It frijbliuwende libbentsje fan Joppe krijt ynienen in oare diminsje as er Terpsi moetet, in politike flechtlinge út Afrika.
Joppe ferskynde as nûmer 2 yn de rige Fryske Modernen
Oaren oer dizze titel
Ydwine van der Veen, Ensafh 21-07-2008
Jetske Bilker, LC 25-04-2008