Eeltsje & ik
bennie huisman
venusboek, 2008

Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797–1858), dokter, dichter en skriuwer fan satiryske ferhalen, wie de jongste fan de bruorren Halbertsma. Hy hie in ûngeduerich karakter en dat utere him benammen yn de driuw om te reizgjen en te swalkjen.

Sjonger en skriuwer Bennie Huisman folge de spoaren fan Eeltsje Halbertsma, yn en bûten Grou, en beskriuwt yn fiif reisferhalen syn libben en syn dichterlik wurk.
Bennie Huisman socht net allinne yn bibleteken en argiven, mar makke fysyk deselde reizen as Eeltsje-om.
Eeltsje hie in hurd en faak iensum libben. Syn houlik mei Baukje Fockens waard in trageedzje en de dokterspraktyk wie dreech troch de fiere reizen dy’t er gauris by nacht en ûntij te foet, mei de boat of op redens meitsje moast. Boppedat gyng de dea de doar fan syn eigen húshâlding ek net foarby. Syn beide dochters en âldste soan stoaren jong. Eeltsje socht syn heil gauris yn ’e drank. It lêste part fan syn libben gyng er op ’e swalk om krekt foar syn dea nei Grou werom te kearen.

Bennie Huisman, sels dichter, skriuwer en sjonger sette it libbensferhaal oer dy, foar de Fryske literatuer sa wichtige persoan, op papier. Boppedat ferliket er syn eigen libben mei dat fan Eeltsje Halbertsma.

Oaren oer dizze titel
Piter Boersma, Ensafh 07-02-2009
Jetske Bilker, LC 19-01-2009
Elske Schotanus, de Moanne nr. 10 2008 s. 34-35 en op eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite