Liet foar myn jonge
riek landman
friese pers boekerij, 2008

Yn de sechstiger jierren emigrearret de Fryske boerefamylje Seffinga mei de bern nei Normandië. Nei de dea fan heit Keimpe bliuwt syn widdo Minke wenjen yn it grutte âlde hûs by har dochter Andrea en dy har húshâlding. Minke har soan Arjen kin net rjocht aardzje yn Frankryk. Hy wurket earst yn Cherbourg en letter wennet er yn earmoedige omstannichheden yn Parys. In inkelde brief sa út en troch is syn iennichste kontakt mei de famylje. Minke begjint him stadichwei tige te missen en de langst nei har earder doarp yn Fryslân spilet ek hieltyd mear op.

Oaren oer dizze titel