Noardlike nachten
reinder rienk van der leest
venusboek, 2008
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Van der Leest lit syn helden Nier en Dynte dizze kear optrede yn de wrâld fan de horror. Dynte krige it fersyk om foar grou jild in greve, in 'hear fan stân', in wike lang te ferdivedearjen. Mar Nier fertrout it foar gjin sint en hy reizget as ferstekkeling mei nei it hege noarden dêr’t de greve syn ûnderkommen hat. Nier syn wantrouwen wurdt mear as wier makke. It fêste personeel is skriklik knoeid en mismakke troch in freon fan de greve. Yn de kelder steane rigen lykkisten dêr't de foarstaach fan de greve deis yn skûlet. By nacht komme se foar it ljocht. Nier freest foar Dynte in freeslik lot. Hy hat gelyk, mar Nier briedt lykwols in yngewikkeld plan út om it kastiel te ûntflechtsjen.
Noardlike nachten wie ynearsten pland as it foarlêste (sânde) diel fan de rige misdiedromans oer it speurdersduo Dynte Planteit en Nier Hinnebruijer. Mar it woe de skriuwer destiids net slagje om it ferhaal út de pinne te krijen. Safolle jier letter hat er de guit dochs krigen mei as resultaat dat de rige no kompleet is.
Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 19-12-2008
Jaap Krol, FD 29-07-2009
Jelle van der Meulen op syn Friese Literatuursite