Minskrotten, rotminsken
trinus riemersma
venusboek, 2008 (fjirde printing)
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
In ferhaal oer de ferwoasting fan in stêd troch rotten sa grut as minsken. Mar dat is eins net it ferhaal dat de auteur skriuwe wol. Hy ûnderbrekt himsels hieltiten, jout kommentaar op syn eigen wurk en makket allegearre omwegen.
In fragmint: En dan ynienen op in middei, men draait it papier yn 'e masine en men tinkt hee ferrek myn kompleksen wurkje net mear. Hee, ik tink: Wilma Berg, wat âldhuorket dat bern. Haw ik dat skreaun? En moat ik?... Ferrek, ik moat ek sa tocht ha, dat wie, ja wannear, fiif, seis, sân jier lyn. Ik moat hjir en dêr noch oantinkens oan dat tiidrek ha. Blinder dy roman moat ôf.
De skriuwer hat syn nocht fan de roman, hy wol net langer de slaaf fan it ferhaal wêze en dêrom siket er it yn spontane ynfallen en oprispings. Mar de rotten meitsje har baas en soargje derfoar dat der dochs in ferhaal yn it boek komt.
Minskrotten-Rotminsken ferskynde yn 1966 as tredde roman fan Trinus Riemersma. It joech doe in protte opskuor troch de fûleindige toan en de troch guon sa oanfielde godslasterlike sênes. De skriuwer ferlear om dit boek syn baan as ûnderwizer yn Gau. It wurdt beskôge as ien fan syn meast karakteristike boeken en jout in moai byld fan de heftige sechstiger jierren.
Oaren oer dizze titel
Klaas de Wit, RONO Literair kwartier 27-12-1966
Marten Sikkema, LC 22-10-1966
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Jacob Haagsma, LC 18-02-2021 (oer lêsklup dy't dit boek bespruts)