Under de sinne fan de ivige
anders m. rozendal
kffb, 2008

Dizze histoaryske roman spilet yn Israël yn de njoggende ieu foar Kristus, de tiid dy’t yn de Bibel beskreaun wurdt yn de twa boeken fan de Keningen. Sûar is de soan fan in rike bouboer en in foaroanman yn ’e stêd. Hy sil útfanhûs nei syn pake oan memmekant, feehâlder yn in nomadekamp fan in otterdokse famylje, mar hat dêr net folle nocht oan. Dat feroaret as er dêr in famke moetet. No soe er wol yn it kamp bliuwe wolle. Dat kin net, syn plak is thús. As syn heit in byfrou nimt, ûntstiet in grut konflikt. Sûar flechtet nei it kamp werom en rekket yn de besnijing fan de otterdokse godstsjinst fan de nomaden. Hy feroaret yn in fanatike strider.
Dit boek is de achtste roman fan Anders Rozendal dy’t nei syn debút yn 2001 alle jierren mei in nije titel kaam. It is de earste kear dat er syn ûnderwerp yn sa’n oare tiid en sa’n oar lân siket. Of binne de ferskillen mei ús tiid minder grut as yn earste opslach liket?

Oaren oer dit boek
Jetske Bilker, LC 30-01-2009 
Jaap Krol, FD 25-07-2012
Jelle van der Meulen op syn Friese Literatuursite