Spegelspreuk
Lida Dykstra
Aed levwerd, 2007
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Ljouwert, 1757. De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt terjochte by syn beppe Marijke Muoi. De wennet yn Ljouwert, yn paleis it Princessehof. Earst ferfeelt Willem him ôfgryslik. Mar dat feroaret as in âld wyfke yn it keunstkabinet fan it paleis in spegelspreuk útsprekt. Troch de betovering komme, alle kearen as de klok tolve slacht, bisten fan tegels ta libben. En ek noch in grutte man dy’t Willem de namme Lodelakei jout. Tegearre mei Lodelakei besiket Willem de spegelspreuk om te kearen. Want de betovering begjint hielendal mear út de hân te rinnen. Aanst rint der in oaljefant troch Ljouwert. Of wurde se oanfallen troch fjoerspuienende draken!
Oaren oer dizze titel