de stilte fan joachem
mindert wijnstra
Afuk, 2007
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Joachem is tolve jier. Hy stammeret, mar hat ek in bysûnder talint: hy tekenet alles wat syn eagen sjogge. Hy praat al in healjier mei gjinien. Hy wol gewoanwei net wer prate, noait wer. Sels net mei Marijke, syn freondintsje. Mei syn tekeningen fertelt er mear as mei wurden. Der is ien yn it doarp dy’t him begrypt. “Einstein”, in wûnderlike man dy’t bûten it doarp wennet en dêr’t frjemde ferhalen oer gean. Einstein hat niget oan it tekentalint fan Joachem. De âldman en de jonge slute freonskip. In freonskip dêr’t ek Marijke bûten stiet. Mei yllustraasje fan Babs Wijnstra.
Oaren oer dizze titel
Tjitske van Dijk, TanteTjits 19-11-2014