Hûn oan 'e himel
Cornelis van der Wal
Bornmeer, 2007

Hûn oan 'e himel is de sechsde bondel fan Cornelis van der Wal. Mei de titel wurdt de heldere stjer Sirius oantsjut. Mei de fan de dichter bekende middels as humor, sarkasme en absudistyske bylden besiket Van der Wal om te ûntkommen oan de beheiningen fan it ierdske bestean: hy wol fleane, frij wêze en sa syn kearn berikke, lykas te lêzen yn 'Warbere deade':

Warbere deade

Begraaf my ûnder jim suterige stiennen
krobben stjonke bylâns myn ûnderierdske earen.
Ik wreidzje wrantelich my út, myn kâlde teannen
wurde woartels fan bedutsen hypno-iis.
 
Ik ferienigje mei myn mutearjend brein
de deade mineralen yn ’e grûn.
Jou de stof myn geast.
 
En sa kringt myn holle
wylst de fuotten ferklomje
stadich troch ta de baarnende
kearn.


Oaren oer dizze titel

A.IJ. van den Berg, Boeklog 27-02-2007 (besprek)
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite (besprek)
Harmen Wind, LC 19-10-2007 (besprek)
Cornelis van der Wal, Hûn oan'e himel (audio op eigen webside)
YouTube, 07-04-2007 (Cornelis van der Wal lêst 'De poarte' út Hûn oan 'e himel)