Kening fan 'e junks
eric hoekstra
bornmeer, 2007

Kening fan 'e junks is in skelmeroman oer Desiderius dy’t sûnder wurk en in reade sint troch syn freondinne it hûs útset wurdt. Hy lit it der net by sitte en skopt it ta direkteur fan in wolwêzensynstelling. Yn it earstoan wie dat in spultsje fan in geniale ferrifelder. Mar geandewei begûn it dochs earnst te wurden. En de earste regel fan in oplichter is dat it spul noait earnst wêze mei. Want dan feroaret er yn in gewoan minske. Dan komt it needlot dertusken en hjitfolget him mei domheden, skamte en tsjinstuiten. Wannear soe Desiderius, dy’t al aardich fier op it ferkearde paad wie, nei himsels weromkeare? Wannear soe de izeren hân fan it needlot him by it skouder gripe en straf him foar syn misstappen?

Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 11-08-2007
Elske Schotanus, de Moanne nr. 8 2007 s.30-31 en op eigen webside
André Looijenga, eigen webside 21-09-2010
A.IJ. van den Berg, Boeklog 01-03-2007