Sitebuorren, myn eigen paradys
auck peanstra
venusboek, 2007

Boppe wetter kommen brieven fan har mem wiene foar skriuwster Auck Peanstra oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har jeugd – Sitebuorren, in buorskipke yn it wetterlân by Grou – op te skriuwen. De brieven jouwe in byld fan it erflik wrotten en wramen fan de boer en de noed om fee en bedriuw. Fan dy noeden hat Auck as bern neat witten. Foar har wie it libben doe ien grut feest.
Auck Peanstra krige foar dit boek yn 2008 de twajierlikse Rink van der Veldepriis fan de gemeente Smellingerlân takend.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 05-10-2007
Henk van der Veer, De Moanne 2007 - nûmer 8 (fraachpetear)
IJsbrand van den Berg, Ensafh 09-11-2007
IJsbrand van den Berg, Boeklog 15-11-2007
Yvonne Dijkstra, FD 16-02-2008