It kin wier wêze
jan bouwhuis
eigen behear, 2007

Jan Bouwhuis, soan fan Tjitte Bouwhuis en Durkje Hooghiemstra, wenne yn Tsjerkgaast, Nijbrêge, Parregea en sûnt 1984 as rintnier-boer yn Boalsert. Tusken 1986 en 1990 hat Bouwhuis safolle mooglik ferhalen dy't er út syn famlyje koe, optypt en samle yn trije sels ynbûne boekjes. Hast alle ferhalen, de measte dêrfan út Gaasterlân, hie er heard fan heit en mem.
Syn omkesizzer Ida Feenstra kaam de samling yn 2006 op it spoar, doe't der in Bouwhuis neve- en nichtedei op priemmen stie. Se realisearre har dat se in skat oan ferhalen en teltsjes út de markante famylje Bouwhuis yn hannen hie. Har neef Johannes: 'Us heit sei it altyd sa: "Der binne twa soarten huzen, skythuzen en Bouwhuzen. En as je in goeie Bouwhuis binne, dan binne je Roomsk oan op 'e bonke, Frysk yn ieren en sinen en je kin ferskriklik goed lige. Mar je lige net om josels moaier te meitsjen, mar om it ferhaal smeudiger te meitsjen".'
Ida Feenstra typte alle folksferhalen út de trije boekjes oer. Se liet de stikken dy't Jan Bouwhuis skreaun hie foar de Parregeaster doarpskrante Pinfisker gewurde. Al mei al ûntstie sa in samling fan 121 folksferhalen út de famylje Bouwhuis. Jan Bouwhuis wie ek ien fan Ype Poortinga syn ynformanten. Hy fertelde dy wol in pear hûndert folksferhalen. Se waarden útjûn yn Hûndert pûn klûntsjes, it 7de en lêste diel fan Poortinga syn folksferhalerige, 1982.

Oaren oer it boek
A.IJ. van den Berg (lêzen foar Fedde Schurerpriis 2008)