Kidelstiennen heine en slaan
josse de haan
útjouwerij venus, 2007
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn Kidelstiennen heine en slaan steane literatuerkritiken, analyses fan literêr wurk en kritysk-polemyske stikken. Ek primêr proaza. It wurk is fan 2000 oant en mei 2007 foar in part skreaun foar de literêre tydskriften en de Ljouwerter Krante. In oantal stikken is nij, ien dêrfan in analyse troch Trinus Riemersma fan De Haan syn grutte roman Piksjitten op Snyp en Josse de Haan syn reaksje dêrop. Nij is ek in grutte skôging oer it proaza fan Piter Boersma. Primêr wurk foarmje de sân Baskyske brieven, earder ferskynd op digitaal tydskrift Farsk.
Dizze bondel slút oan op de twa jier earder ferskynde samling , byelkoar de delslach fan fiifentritich jier skriuwen oer literatuer. Yn beide boeken spilet de ‘oare’ literatuer in foarname rol.
Oaren oer dizze titel
Pieter de Groot, LC 15-02-2008
Jaap Krol, FD 24-05-2008
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite