Libje goed – op nei de tonne
eric hoekstra
bornmeer, 2007

Eric Hoekstra, filosoof, taalkundige en Nietzsche-oersetter, hâlde yn april 2007 njoggen dagen ta yn in grutte houten tonne. Oanlieding wie de Moanne fan de Filosofy, syn foarbyld wie de klassike Grykske filosoof Diogenes, dy’t úthâlde dat de minsken it lokkichst is as er sûnder lúkse en oerdied libbet. Hoekstra syn doel wie in sekere foarm fan aventoer mei te meitsjen, en fierder woe er reklame meitsje foar de filosofy as libbensleare. Hy ûntfong by syn ferbliuw yn de tonne ferskate minsken foar in goed petear oer libbenskeunst en slute syn tonne-ferbliuw ôf mei in gastmiel in âld Grykske styl. Nei ôfrin ferskynde Libje goed. Op nei de tonne dat giet oer de oanrin en de realisaasje fan syn tonne-experience, mar ek oer hjoeddeiske polityk, de klassiken en de keunst om goed te libjen.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 19-10-2007
Elske Schotanus, De Moanne, nr. 3 2008 s 54 en op eigen website
Oene Spoelstra, Hjir, febrewaris 2008, side 44-47
Jaap Krol, FD 14-06-2008