Ta in hichte of de balke yn eigen each
steven h.p. de jong
frysk en frij, 2007
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De skriuwer Anne Wadman (1919 – 1997) hat in toanoanjaande rol spile yn ’e Fryske literatuer. Mei fine humor, skerpe kritiken, firtuoaze fersen, taboetrochbrekkende ferhalen en romans joech er kommentaar op de dynamyske ûntjouwing fan nei 1945.
Troch maatskiplike fernijingen op alle mooglike terreinen, moasten de Friezen de kollektive feilichheden fan it âlde doarp achter har litte. Wadman makke syn lêzers dúdlik hoe’t it foaroarlochske ideaal ’Fryslân en de wrâld’ fan ’e Jongfriezen – in literêre beweging ûntstien yn ’e Earste Wrâldoarloch – feroare yn in foarm fan modern relativisme. It boere-Fryslân waard in part(sje) fan ’e moderne (stedske?) wrâld, dy’t faken ek wer in primitive rimboe bliek te wêzen.
Oaren noch himsels sparjend, skoep Wadman in oeuvre mei in tematyk wêryn’t de striid tusken goed en kwea him fan ’e algemiene slachfjilden ferpleatste nei it inerlik fan it yndividu, dêr’t it minsklik tekoart helaas... no ja. Ynteressearre lezers kinne net maklik frijbliuwend om Wadman syn engaazjemint hinne.
Ta in hichte is in monografy oer in Frysk skriuwer en syn wurk, dy’t syn literêr-histoaryske wearde dúdlik bewiisd hat en net samar fergetten wurde mei.
Oaren oer dizze titel
Presintaasje boek, LC 29-10-2007
Jetske Bilker, LC 30-11-2007