De ôfrekken
willem schoorstra
friese pers boekerij, 2007

De Fryske studint Ake fersylt yn it homolibben fan Brussel. Hy hat neist syn grutte leafde ek wikseljende kontakten, ûnder mear mei in islamityske jonge. Yn syn hûs wennet er mei twa bysûndere minsken, in jonge frou dy’t harsels Rôt neamt en in nochal ymproduktive dichter, Dylan. It is 1989, de tiden feroarje. Tsjin dy achtergrûn is Ake op syk nei wa’t er is. Alles bepalend foar syn libben is lykwols de relaasje mei syn heit yn Fiskersdoarp. Geandewei de roman wurdt, út it perspektyf fan de heit ferteld, dúdlik wêrom’t Ake noait troch him akseptearre is.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 20-7-2007
Jaap Krol, FD 03-11-2007
Elske Schotanus, de Moanne nr. 9 2007 s. 38-40 en eigen website
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
IJsbrand van den Berg, Boeklog 03-07-2007