Piter Terpstra, skriuwer
piter terpstra
kffb, 2007

Yn dizze samling oantinkens sjocht Piter Terpstra (1919-2006) werom op syn lang libben as skriuwer. Hy fertelt oer syn berne- en jongfeintejierren op ’e Lemmer en syn fassinaasje foar de see, oer it droechlizzen fan de Suder- en de Lauwerssee, oer syn reizen yn binnen- en bûtenlân, oer syn kontakten mei kollega-skriuwers en -sjoernalisten en safolle oare nijsgjirrige minsken dy’t er op syn libbenspaad moete. Hy komt ek op ’e tekst oer it skriuwen fan syn toanielstikken, syn Hollânske en Fryske romans, syn dokumintêres en syn detektives mei ûnder mear de fuortsetting fan de detectives oer de ‘Schaduw’ fan Havank. Alles wat yn dit lêste boek fan Piter Terpstra stiet, is neffens it tsjûgenis fan de auteur sels ‘stjerrende wier'.

Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 01-02-2007
Pieter de Groot, LC 21-09-2007
Jelma Knol, Hjir augustus 2007, side 3-6
Trinus Riemersma, de Moanne desimber 2007, side 13