Asega, is het dingtijd?
oebele vries
steven sterk, 2007

De âldste oerlevere Frysktalige teksten datearje fan de midsieuwen; it Frysk fan dy tiid is it Aldfrysk. Fan de measte Aldfryske teksten binne oersettingen makke, foaral yn it Dútsk, en yn de regel foar in lêzerspublyk fan spesjalisten. Utjouwer Steven Sterk frege yn 2000 oan frisist en histoarikus Oebele Vries om in grutte karlêzing te meitsjen út dy teksten, en dy oer te setten yn it Frysk fan hjoeddedei, en ek yn it Nederlânsk. Sa kaam Vries (mei help fan oaren) ta de útjefte Asega, is het dingtijd? De hoogtepunten van de Oudfriese tekstoverlevering. Frysk en Nederlânsk binne op de even en ûneven siden werjûn, it Aldfrysk stiet der yn lytsere letters yn it read tuskenpleatst, in typografysk elegante oplossing fan foarmjouwer Gert Jan Slagter.

Wa’t yn Midsieusk Fryslân (‘Frisia’) in konflikt hie, of it slachtoffer wie fan in misdied, moast sels as kleier optrede by it gerjocht en genôchdwaning freegje. De rjochters wiene yn it earstoan troch de greve oanwiisde skouten, mar doe’t it sintraal gesach yn Fryslân ferdwûn kamen dy rjochters út de rûnten fan de lokale machthawwers. It rjocht wie gewoanterjocht, dat mûnling oerlevere waard troch ‘asega’s’, ‘wet-opsizzers’, op it ‘thing’, de rjochtsitting. Fan likernôch 1300 waarden dy rjochtsregels op skrift steld en sammele yn boeken, de saneamde codices (hânskreaune boeken). Yn totaal binne sechtjin fan dy codices bewarre bleaun. De rest gie teloar troch tiids tosk of moedwillige fernieling.

Yn Asega, is het dingtijd? steane meast rjochtsteksten, troch literatuerhistoarikus Frits van Oostrom yn Stemmen op schrift priizge om har ierdske sinlikens, fol each foar byldzjend detail, libben en drama. Nêst rjochtsteksten binne der yn it Aldfrysk ek kroniken, sêgen, geastlike teksten en teksten oer de Fryske frijheid oerlevere. Datsoarte teksten naam Obele Vries ek op yn it boek. Vries fersoarge ek in wiidweidige ynlieding, en yn twa fotokaternen wurdt sjen litten hoe moai oft de hânskriften derút sjogge.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries,  LC 19-01-2007
Piet Gerbrandy, de Volkskrant 21-09-2007
Henry Baron, Origins 2008 nûmer 2
Atte Jongstra, NRC 15-08-2008