Skattich
Lida Dykstra
bornmeer, 2006

Knyntsje Tys is lyts en pluzich en elkenien fynt him skattich. Mar Tys wol net skattich wêze! Hy beslút der wat oan te dwaan. Hy keapet in glimmende sinnebril en oefenet yn stoer rinnen. En as dat net helpt, keapet er in motor dêr’t er mei troch de strjitten jaget. Dan stekt Trúske oer. Tys fynt har skattich, mar Trúske lûkt har noaske foar him op. En dat set Tys oan it tinken.... Mei yllustraasjes fan Marije Tolman.

Oaren oer dizze titel