skoare by fc top
jelle bangma
afuk, 2006
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
It boek giet oer de talintfolle David en Jeffrey, dy’t gek binne fan fuotbal. Op in dei komt in scout fan it grutte FC Top út ’e stêd te sjen. De jonges wurde útnuge foar in oantal proeftrainings en seleksjewedstriden. Der bestiet in grut ferskil tusken de beide jonges. David hat in freeslik fanatike heit dy’t alles op alles set foar in fuotbalkarriêre fan syn soan. By Jeffrey wurdt dêr folle relaxter mei omgien. Foar him is der mear yn it libben as fuotbalje. Hoe sille de doarpsjonges yn de stêd ûntfongen wurde? Wa fan harren wurdt úteinlik útnûge foar de ‘Voetbalschool’? En is dat no wol écht wat de jonges wolle?