ûnder fearne goaden
abe de vries
bornmeer, 2006

Under fearne goaden is de tredde bondel fan Abe de Vries. Yn fjouwer skiften leit er ferbiningen tusken 'hjoed, eartiids en letter', sa't Harmen Wind it yn syn besprek ûnder wurden brocht. Of sa't De Vries de bondel sels omskreau yn in fraachpetear mei Sietse de Vries: 'It is leafdespoëzij oer de oerwinning op 'e tiid'.

IT HIMFEAR

Ienkear kom ik dy wer tsjin yn Amsterdam,
as begroeven wy de sinne dêr
ûnder in beibeamke. In lyts protsje ierde
leit oer dyn bol fan ljocht en sop.

Mar yn ’e maitiid wrot er, komt er op,
sil yn ús ieren brûze en siede
as wy op ’e fyts nei de Himhaven ride,
wyn tsjin dy’t sylskippen ropt –

en middeis beskine de mieden,
jûns let glimkje as de lekkens oan ’e line
oare kant it wetter ferfage yn ’e skimer
dêr’t it fear wachtet op fracht.

Utbaarnd sil er de fytser goeriede
him del te jaan by syn ûnmacht.
It Noardseekanaal leit dûnker en leech.
Allinnich it twiljocht, it twalûd yn ’e nacht.

Mear oer dizze titel
Harmen Wind, LC 14-04-2006 (besprek)
Sietse de Vries, LC 30-09-2005 (fraachpetear)