it liet fan de ibis
koos tiemersma
friese pers boekerij, 2006
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn in lytse stêd wurdt it lichem fan it 16-jierrich famke Eva Leijn fûn. Sjoernalist Mat Festen docht de lugubere ûntdekking by it Kanaal. Hy giet op ’e siik nei de oarsaak fan har dea. Yn de stêd witte guon daliks al wa’t de dieder wêze moat. Wat is de rol fan Obi Okere, in Nigeriaanske keunstner dy’t yn de stêd ferbliuwt en in soad kontakt mei Eva hie?
It liet fan de ibis is it ferhaal oer hate en hope, leafde en eigenbelang dy’t ynelkoar betize reitsje. Mar it is ek in lyryske fertelling oer in keunstner dy’t mei twa fuotten yn ien hoas sit. Wat barde der yn it suden fan Nigeria, dêr’t Obi Okere grutbrocht waard yn in dekor fan oaljewinning, byleauwe en de striid om macht en jild?
De auteur jout in oersetting fan dit boek út as e-book yn eigen behear, mei as titel Het lied van de ibis.
Oaren oer dizze titel
Joop Boomsma, Webloch 10-07-2006
Abe de Vries, LC 04-08-2006
Henry Baron, World Literature Today 01-07-2007, The Free Library