It Oera Linda-boek
goffe jensma
verloren, 2006
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn 1867 kaam Cornelis over de Linden, skipstimmerbaas oan de Marinewerf yn Den Helder, op ’e lappen mei in riedseleftich manuskript út syn famylje. It wie skreaun yn in nuveraardich soarte fan runeskrift, yn in taal dy’t wat weihie fan it Aldfrysk. Jan Gerhardus Ottema, klassikus en konrektor fan it Ljouwerter stedsgymnasium, besoarge yn 1872 de earste útjefte fan de tekst. It boek behannele de oerskiednis fan de Friezen, dy’t dêrmei de status krigen fan in hiel âld folk, de grûnlizzers fan de blanke West-Europeeske beskaving, te fergelykjen mei bygelyks de Hebreeërs en de Griken yn it gebiet fan de Middellânske See. Al gau waard der twifele oan de echtens fan it hânskrift, dat yn 1256 oerskreaun wêze soe fan in noch folle âlder manuskript. Mar wa stike efter dizze grap, en wat wie de bedoeling fan de makker(s)?
Yn syn dissertaasje De gemaskerde God út 2004 stelt Goffe Jensma op grûn fan in ynhâldlike analyse dat it Oera Linda-boek past yn de 19de-ieuske diskusje tusken modernistyske en otterdokse teologen. It OLB soe neffens de modernistyske makkers te fergelykjen wêze mei de Bibel: in âld mytysk ferhaleboek, optocht troch minsken. It boek kin ek lêzen wurde as in parody op de romantyske ideeën út dy tiid oer de ieuwenâlde gruttens fan de Friezen. As literêre tekst nimt it OLB in unike en min te definiearjen middenposysje yn tusken de Fryske en de Nederlânske literatuer.
As auteurs identifisearre Jensma yn syn dissertaasje, fierderbouwend op wat oaren ek al ornearre hiene, dûmny François HaverSchmidt, yn de Nederlânske literatuer bekend as de skriuwer Piet Paaltjens, Eelco Verwijs, argivaris en bibliotekaris fan Fryslân, en Cornelis over de Linden.
As ‘byprodukt’ fan it wurk oan syn dissertaasje besoarge Jensma de tekst fan it OLB op ’en nij fan de grûn ôf. Alle oant dan ta ferskynde edysjes giene út fan de echtens fan it manuskript en beskôgen de tekst as in histoaryske tekst. Jensma sjocht de tekst as in njoggentjinde-ieuske literêre tekst, fol romatysk-iroanyske literêre prosedees en stylmiddels dy’t ta doel ha dûbelsinnichheden te skeppen. Dy literêre kwaliteiten moasten yn de oersetting safolle mooglik bewarre wurde, yn plak fan oplost, sa’t eardere tekstbesoargers dien hiene.
Sa ûntstie der foar it earst in wittenskiplik-betroubere útjefte fan it OLB, mei de tekst yn faksimile, in transkripsje yn maklik lêsber skrift, in oersetting (yn it Nederlânsk), wiidweidige achtergrûnútlis yn noaten en in heldere ynlieding dy’t alle inen en oanen fan it boek behannelet.
It OLB is yn earste opslach net in maklik lêsbere tekst: men kin der gjin tou oan fêstknoopje. De lêzer moat trochbite, wat yn de fisy fan Jensma ek krekt de bedoeling wie fan de auteurs. De literêre wearde fan de tekst sjocht Jensma net yn de ynhâld, mar yn de yngenieuze komposysje fan it boek.
Oaren oer/nei oanlieding fan dizze titel
Goffe Jensma oer it OLB, YouTube 2008
Sietse de Vries, LC 21-04-2006
Han C. Vrielink, Historisch Platform Recensiebank