it liket op fleanen
wobbe atsma
venusboek, 2007

It liket op fleanen is in bondel mei ferhalen oer minsken dy't sljochthinne of krekt even wat oars as oars troch de tiid moatte. Guon binne wat op harsels en guon hawwe it mei harsels te dwaan. Oaren witte fan trochpakken. Allegear tyskje se gauris mei langsten en lijen om, wat bytiden wer nuver útpakke kin. De skriuwer brûkt gauris it ljocht as brekpunt yn it ferhaal, wylst it tsjuster de ferbylding liket fan berêsting. In reade trie is ek it wiffe lykwicht fan it bestean mei syn ûnferwachte kanten. Is it miskien ûnfermogen en it tekoartkommen fan de minske wat der tusken de rigels troch bleatlein wurdt? Of is it deagewoan it ûnbestimde lot dat elk domwei oerkomme kin? Yn alle gefallen sketst de skriuwer in wrâld dêr't in protte op fleanen liket.

Oaren oer dizze titel
Ate Grypstra op ensafh
Jetske Bilker, LC 02-02-2007
Elske Schotanus, de Moanne nr. 10 2006 s. 48-49 en op eigen webside
IJsbrand van den Berg op Boeklog