De stien
sjoerd bottema en baukje wytsma
útjouwerij fryslân, 2006

De Stien is it ferhaal oer in ferfleine leafdesskiednis dat begjint mei in omsjoch op it ûntstean fan de relaasje tusken de beide haadpersoanen. It wurdt sawol fan de man as fan de frou út beskreaun. Hoe’t se der beide tsjinoan sjogge en it belibbe hawwe, elk yn syn eigen styl. De man rint sûnt syn puberteit mei in skuldgefoel om. Hy hat as opslûpen jonge syn eardere skoalkammeraat meilutsen yn in aventoer mei in tragyske ôfrin. Dat barren waard beskiedend foar hoe’t de man yn ’t libben kaam te stean. Hy joech himsels de skuld fan it foarfal, mar ek it famke dat sûnder dat sy it wist, dêr in rol yn spile hie. As er in frou treft dy’t wat it uterlik oanbelanget, as twa drippen wetter op it famke fan doe liket, krijt it ferline in ûnferwachte ferfolch.
De Stien wie it Frysk Boekewikegeskink fan 2006.

Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, LC 24-02-2006 
Gerbrich van der Meer, FD 04-03-2006
Jelle van der Meulen, Friese-Literatuursite