Stille tochten
bouke van der hem
útjouwerij fryslân, 2006

De reade tried yn de roman Stille tochten is de histoaryske moard op fjouwer plysjes yn 1929 troch stienfoeger/akkordeonspiler/kommunist IJje Wykstra. Hy wenne ûnder it buorskip De Snipperij, op de skieding tusken Grinslân en Fryslân. It ferhaal wurdt nei de ein ta hieltyd spannender, mar de ôfrin lit wat oer oan de ferbylding fan de lêzer. It giet yn dit boek fierder fral om wat in stikmannich figueren 'der hjoed-de-dei fan meitsje'.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 15-09-2006
Jitske Brünner, FD 06-01-2007
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite