Neam my mar Willem
steven h.p. de jong
koperative útjowerij, 2006

Om it jier 1200 hinne komt der in hiel âlde mearkeferteller yn it Fryske doarp Gatzerka (Geatsjerk, tsjintwurdich Gytsjerk). It docht bliken Willem te wêzen, de skriuwer fan it wrâldferneamde diere-epos 'Van den vos Reynaerde'. Hy fertelt dat ferhaal nei oan 'e midsieuske Gytsjerksters.
Skriuwer Steven de Jong wol mei dizze útjefte it âlde Reinaartferhaal tagonklik neifertelle oan in breed publyk, net yn it lêste plak learlingen fan de middelbere skoalle. Earder ferskynden al poézijbewurkingen fan 'Van den vos Reynaerde' troch Freark Dam en troch Klaas Bruinsma.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 13-04-2007 
Jaap Krol, FD 28-07-2007