Út namme fan mysels
elmar kuiper
bornmeer, 2006

Ut namme fan mysels is de twadde dichtbondel fan Elmar Kuiper. De titel is ûntliend oan in syklus fan tsien gedichten, dêr’t de dichter in jier earder in Rely Jorritsmapriis mei wûn.
Elmar Kuiper brûkt yn syn poëzij net folle grammatika. Hy biedt de lêzer losse brokjes taal, dy’t elk op harsels bylden foarmje. De lêzer kin dêr op assosjative wize in gearhing yn ûntdekke, mar der binne ek gedichten dy’t har lestiger iepenteare. Yn alle gefallen binne de bylden yn Kuiper syn poëzij faak suggestyf en orizjineel, en twinge dêrtroch ta it uterste om se ta te litten: se bite har yn jin fêst. Tema’s yn de bondel binne ûnder oare it ferstjerren fan de heit, fertriet, erotyk, de omgong fan in heit mei syn bern. De folgjende oanhaal komt út de syklus ‘wolkomthús’, de ferbylding fan in nacht fan min sliepen, eangstdreamen en de langst om earne thús te kommen. De tastân yn de wrâld en de hâlding fan de dichter wurde sa delset:

de praktyk liicht net:

lantearnepeallen yn ’e leavefredestrjitte
binne deabidders op ien poat. bern
jouwe stomme dingen in krûperke, telle

skiepkes yn ’e loft. grutte minsken
skelle as houteksters, stelle fan inoar de glinstering
út ’e agen, koarje dûm yn it earme ljocht.

stiest foar de fermoanninkjes yn dyn dreamen?

lûkst heukerich oan ’e skouders, skopst gjin panyk
as bryk praat opgong makket, in sûpkeal
krôket tsjin dyn gevel.

Begjin 2007, koart nei it ferskinen fan Ut namme fan mysels, presintearre Kuiper mei in pear oare wurd- en byldkeunstners it teaterprogramma 'Tsjinlûd', dêr’t er wurk út de bondel foardroech; yn de simmer fan 2006 wie er al te gast op Poetry International, bewizen fan it feit dat de dichter mei doel it poadium en de kombinaasje mei oare keunstfoarmen siket om him te uterjen. Pim Zwier makke yn 2009 de film ‘Oerdak’, oer de dichter oan it wurk. It gedicht ‘Under it oerdak’ is ien fan de moaie fersen út Ut namme fan mysels, in ûngrypbere miks fan bedriging, delgong en it sykjen om feiligens en de langst dy te jaan:

(...)

blied allinne mar sis gjin mis wurd
langje har treastber oer
krûp har oan as de dagen langje.

wês in keardel
yn ’e loft wennet elmar net
dêr pierewaaie spotters fan ’e swiertekrêft.

in sêfte hielmaster
moat dyn holle noch fine.
rotsakken brekke dy ôf.

(...)

Oaren oer dizze titel
Oankundiging Tsjinlûd, LC 19-01-2007
Harmen Wind, LC 02-02-2007
Sietse de Vries, fraachpetear, LC 12-02-2010 part 1 en part 2
Alpita de Jong, 10 Books from Friesland, septimber 2013