Fan flierefluiters en droechstinners
meindert bylsma
koperative útjowerij, 2005
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Krekt as yn in mearkeboek stappe yn dizze ferhalebondel fan Meindert Bylsma keningen, reuzen, kabouters en bisten om. It is dan ek in mearkeboek, mar Bylsma neamt syn ferhalen 'kremearkes'. Krekt wol of krekt gjin mearkes? Ferhalen dy't de skriuwer op in hiel eigen wize fertelt. Bylsma toant him dêrby tige fantasyryk en in auteur dy't it boartsjen mei de taal yn it bloed sit. Dat it 'krekt-net mearkes' wêze wolle lit bygelyks de gekjeierige ein fan it ferhaal 'Punt' sjen: Moatte wy him no helpe en der in wenstige ein oan breidzje? Sa fan: lokkich kaam de punt ta ynkear, waard in tefreden punt en libbe noch lang en lokkich? It soe ôfbreidzjen wêze mei in falske stek. Dat dogge wy dus net. Wy binne op in dea punt bedarre, punt út.
Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed. Syn mearkes bliuwe by de tiid.
Oaren oer dizze titel
Jitske Brünner, FD 23-09-2006