Optriuwe en ôfbliuwe
wieke de haan
bornmeer, 2005

Ferhaleboek foar froulju dy't de uterste hâldberheidsdatum naderje, passearje of út 'e wei gean wolle. Oer alles wat ophise, bykleure en fuortsûge wurde kin, of krekt net. Oer lytse en grutte argewaasjes, skytskjinne froulju en bewarderige types. Wat raukost, sûkela, in optriuwbeha en in reserveman foar in frou betsjutte kin.
Dizze bondel is de earste mei fiktyf proaza fan de skriuwster, dy't earder al bekend waard mei itensiedersboeken. Yn itselde jier ferskynde de twadde printing. De totale oplage fan 2500 eks. is útferkocht [ein 2012].
In ferfolch ferskynde yn 2006 ûnder de titel Ophysje en delbêdzje.

Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, LC 18-11-2005 
Gerbrich van der Meer, FD 22-07-2006
A.IJ. van den Berg, Boeklog 08-04-2008