Kastanjes poffe
josse de haan
venus, 2005

  • liene by Tresoar
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

Kastanjes poffe befettet in fjouwertal opstellen oer literatuer dy’t earder ferskynden yn de literêre tydskriften en yn oare blêden. Foar De Haan falt literatuer ûnder it begryp keunst, soms is dat ‘avantgardistyske’ (surrealistyske) keunst. Yn syn yntroduksje neamt er it ‘oare’ literatuer, en de fjouwer opstellen beskôget er as de wichtichste literêr-teoretyske dy’t er oer ‘oare’ literatuer skreaun hat. Dêrnêst binne tsien analyses opnommen fan poëzijbondels en proazawurken út it tiidrek 1978-2004, dêr’t De Haan yn beskriuwt wêrom’t er dy wurken nijsgjirrich en origineel fynt. De analyses moatte sjoen wurde yn it kader fan de earder neamde opstellen oer literatuer. It feit dat guon fan de analysearre wurken troch de mainstream-resepsje negearre binne, lit neffens De Haan wol sjen dat er oare kritearia en útgongspunten brûkt hat.

Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, LC 24-06-2005
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Harmen Wind, De Moanne 01-11-2006