De teloargong fan Eden
benny holtrop
venusboek, 2005

Bibelferhalen - mar dan neffens in eigen ynterpretaasje - binne foar Benny Holtrop gauris in ynspiraasjeboarne yn de bondel De teloargong fan Eden. Dêrby foarmet de ûnberikberens fan de paradyslike steat in reade tried troch de ferhalen. Hat immen it lok binnen hânberik dan ferfljocht it ynienen wer op it lêste momint.
Holtrop syn ferhalen binne altyd in ferrassing. Soms nimt er de lêzer mei nei in fantasywrâld. In oare kear sketst er in realistyske wrâld dêr't ien elemint wizige is, sadat de werklikheid yn in grotesk ljocht komt te stean. Of hy ferfrisselet in bibelsk fragmint yn it ferhaal, bewurket it en smeit alles om ta in organysk gehiel. Dat jout in frjemdsoartige spanning.

Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, LC 04-03-2005