Groetenis fan Prakash
Steven h.p. de jong
koperative útjowerij, 2005

De novelle is in reisferslach fan de haadpersoan en syn frou nei Pernambuco yn Brazilië. De skriuwer makke yn 1992 ek sa'n reis. Ien fan syn soannen trout mei in Braziliaanske sjoernaliste en heit en mem wurde beide útnoege om de brulloft mei te meitsjen en tagelyk yn 'e kunde te kommen mei de skoanfamylje. De skriuwer hat eins gjin nocht oan sa'n fiere en djoere reis. Om 'e sinten hoecht it lykwols net oer te gean, want in erfenis fan omke Willem nimt dy barriêre wei. Wat it echtpear bot fernuveret is dat se ûnderweis oeral Friezen moetsje of minsken fan wa't it foarteam of kunde út Fryslân komme. Ek moetsje hja oare bysûndere minsken as pater Geraldo, de goeddogger foar de earmen, de ferneamde skriuwer Jorge Amado en de mafiabaas Boris Strindberg. Yn al dy moetings sitte wer lyntsjes nei it Heitelân, de famyljeskiednis en it ferline fan de skriuwer sels.
Groetenis fan Prakash wie yn 2005 it Boekewikegeskink, skreaun yn opdracht fan de Stichting It Fryske Boek.

Oaren oer dizze titel
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad en op eigen webside
Abe de Vries, LC 18-02-2005 
Gerbrich van der Meer, FD 23-02-2005
Eric Hoekstra, Farsk 46 - 2005