Fryslân boppe (fjirde printing)
anne koopmans
friese pers boekerij, 2005

Alles is mooglik yn de koarte ferhalen fan Anne Koopmans: in kaptein rekket it paad bjuster tusken Burdaard en de ivichheid, in ûnnoazel jonkje wurdt kening fan Fryslân, in hiel gewoane man krijt in liuw as húsdier en it kofjesetapparaat bemuoit him mei dingen dêr't er net foar trochleard hat. It binne meast ferhalen sa't dy op de leugenbank ferteld wurde. Fryslân boppe is in samling fan dy humoristyske ferhalen. As ferteller balansearret Anne Koopmans op de râne fan realisme en fantasy. De komyske en absurde sitewaasjes fiere de boppetoan. De skriuwer sei sels oer syn koarte ferhalen altyd: 'Hjir wurdt de stro net om in aai bedoarn'.
De earste printing fan dit boek ferskynde yn 1995 en wie in daverjend sukses.

Oaren oer dit boek
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 12-12-2005 en eigen webside