De striid fan Marte
riek landman
friese pers boekerij, 2005

Marte, de dochter fan Jentsje, trout mei har grutte leafde Simon. As de Twadde Wrâldoarloch útbrekt, docht al gau bliken dat Simon oan 'e earen ta yn it fersetswurk sit. Fangefolgen moat Marte mei har beide lytse bern ûnderdûke. It falt de jonge frou swier om sa lang sûnder Simon te wêzen. Nei de oarloch moatte Simon en Marte wer enoarm oan de nije sitewaasje en oan inoar wenne. Dochs komt de romantyk werom yn it libben fan Marte, al bart dat op in hiele oare wize as sy sels ea tocht hie.

De striid fan Marte
is it twadde diel fan in trilogy oer trije generaasjes froulju. It earste diel is De tiid fan Jentsje (2004) en it tredde diel: De leafdes fan Janne (2006).

Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, LC 20-05-2005
Henry Baron, World Literature Today, Sept-Oct 2006. The Free Library