Morfeus yn de ûnderwrâld (twadde printing)
r.r. van der leest
friese pers boekerij, 2005
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Romanfigueren kinne sa echt foarsteld wurde, dat se as wier oerkomme. Mar se kinne ek sa apart stal krije, dat se in eigen wrâld meibringe. Dan libje se inkeld tusken it omkaft fan it boek. Sokke personaazjes foarmje it speurdersduo Dynte Planteit en Nier Hinnebruier yn dizze roman. Dynte is meast op de romantyske toer en Nier is in klassike held, stridend tsjin in oermacht. Se rûgelje fan de iene sêne yn de oare en de lêzer tommelet mei. Dynte wurdt op in stuit ûntfierd en der wurdt losjild foar har frege. Moard, selsmoard en de driging dat in hiel iisstadion opblaasd wurde sil, komme allegearre foarby. In ferhaal fol mei kolderige humor en taalgrappen dy't de skriuwer sa eigen binne.
De earste printing fan Morfeus yn de ûnderwrâld wie yn 1975 it fjirde diel fan de ferneamde rige boeken fan Reinder Rienk van der Leest oer it speurdersduo Nier en Dynte. De twadde printing is yngeand werskreaun.
Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite