De lêste halte
simen oetie
kffb, 2005

Fotograaf Meindert Minnema lêst yn de krante dat syn omke ûnder fertochte omstannichheden ferstoarn is. Hy besiket nei te gean wat der bard is. Yn de fjirtjin dagen dêr't er ferslach fan docht, wurdt syn identiteit ûndermine yn net foarsjoene foarfallen. De lêste halte giet oer dea en leafde, weemoed en ferlakkerij. It is in psychologyske roman fol mei skiednis en tagelyk aktualiteit. Fiksje en werklikheid wikselje inoar ôf. Skriuwers en skilders figurearje lykas in pottebakster en in domina.

Yn 2016 ferskynde der in Nederlânsktalige edysje ûnder de titel De laatste halte yn in oersetting fan de skriuwer sels.

Oaren oer dizze titel 
Yvonne Dijkstra, FD 04-02-2006