In sterke frou (twadde printing)
riek landman
friese pers boekerij, 2004

Wobs Gaastra sjocht werom op har libben: har bernetiid op 'e Loane, har houlik mei in karriêremakker en har grutte geheime leafde dêr't gjinien wat fan wist, sels har dochter Maaike net. Wobs is slim siik, mar de krêft, waarmte en leafde dy't se yn it libben jûn hat strielje troch it hiele ferhaal hinne.

Maaike wie it leafst by har sike mem, mar dat is ûnmooglik. Se hat it ivich en altyd drok, lykas safolle oare moderne jonge froulju. Yn har priveelibben is se net lokkich. Maaike wennet yn Hengelo, dêr't se direkteur fan in skouboarch is. Dochs groeie Wobs en Maaike nei-inoar ta yn it lêste stikje fan Wobs har libben.

De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 1995.

Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 15-09-1995 (net hielendal kompleet)
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 19-07-2004 en op eigen webside
Eric Hoekstra, Farsk 44 - 2005