Untdekking fan ’e wrâld
aggie van der meer
frysk en frij, 2004

Untdekking fan 'e wrâld is in ferhaleroman mei in sterke autobiografyske en filosofyske ynslach. Aggie van der Meer beskriuwt de ûntjouwing fan in famke ta frou yn trije parten. It earste part giet oer de bernejierren as hja opgroeit mei har broerke Tsjep. Dan folget de puberleeftyd mei in soad fragen en ûnwissens en hast fanselssprekkend in heftige ferealens. It tredde part beskriuwt it libben fan in folwoeksen frou. De skriuwster lit yn dizze roman sjen dat sy oer in rike tinkwrâld beskikt. Se jout har fyzje op it libben en har wrâld troch middel fan anekdoates, aforismen, ûnderfinings en petearen.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 22-10-2004
Elske Schotanus, de Moanne nr. 10 2004 s. 38-40 en op eigen webside
Gerbrich van der Meer, FD 23-04-2005
Jetske Bilker, Farsk 43 - 2005