De wraakingel
leo popma
friese pers boekerij, 2004

It libben fan Katryn Averkamp is in jier lyn folslein op 'e kop set troch in ûntheisterjende wraakaksje. Se besiket der achter te kommen wa't de dieder is. Neffens de klassike metoade ropt se alle minsken dy't koartby op it plak fan it misdriuw west ha by-inoar om har te befreegjen. Mar se hat ek motiven om guon saken net hielendal iepen en bleat op tafel te lizzen. Katryn Averkamp groeide op yn in 'kâld' fermidden. Har mem hie in swakke psyche en wie benaud foar it libben. De heit hie troch syn wurk net folle tiid en each foar syn dochter, alteast sa fielde se dat. Sûnder dat se it wit wurdt se op in distânsje skerp yn 'e gaten holden. As har wat oandien wurdt, stjoert de heit in wraakingel.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 30-12-2004
Jetske Bilker, Farsk 45 - 2005