Alles yn ’e macht
anders m. rozendal
kffb, 2004

It like sa moai: fakânsje en de âldelju fuort. Sels baas! De beide freonen Albert en Douwe soene der in moaie tiid fan meitsje. Dat is in misrekken, sa docht al gau bliken. De auto fan Albert stikken, in jonkje fan syn suster ûnferwachte op 'e stoepe, in aventoerlike en nachtlike tocht nei de disko, kammeraat Douwe dy't it mar oer it 'lijnen' hat. En wat hat dy maat fierders eins by de ein? Yllegale praktiken? Hoe sit it mei dy leafde sa mar ynienen? En no moatte se ek noch oan it wurk. Hawwe de beide freonen alles wol yn 'e macht?

Oaren oer dizze titel
Tsjerk Veenstra, FD 13-10-2004