Fryslân en de wrâld - De wrâld en Fryslân
Japke Stobbe e.o.
douwe kalma stifting, 2004

De Douwe Kalma Stifting skreau op 18 oktober 2003, de fyftichste stjerdei fan Douwe Kalma, in esseepriisfraach út. De útslach waard bekendmakke yn april 2004. Trije auteurs seagen har essees bekroand en yn dizze bondel útjûn: Japke Stobbe, Johannes Spyksma en Johannes Kramer, mei respektivelik ‘Fryslân en de wrâld II’; ‘Oer en wer mei de wrâld’; ‘Dreame foar Fryslân en de wrâld’.
Yn de bondel is ek opnommen it rapport fan de sjuery, dy’t bestie út Klaske Jaspers, Goffe Jensma en Jelma Knol.
It boekje beslút mei de tekst fan de bekende rede dy’t Douwe Kalma hâlde foar de gearkomst fan de Jongfryske Mienskip yn jannewaris 1916, ‘Fryslân en de wrâld’.
De tekst is omstavere.

Oaren oer dizze titel
Nijsartikel, LC 05-04-2004
Pieter de Groot oer Japke Stobbe, LC 13-04-2004
Sietse de Vries, fraachpetear, LC 16-04-2004